Gemeenten mei-inoar yn aksje tsjin heling yn Fryslân

Fryske gemeenten komme mei-inoar yn aksje om heling tsjin te gean en binne dêrom de kampanje ‘Laat zien wie de baas is’ begûn. Yn 2016 waard der yn ús provinsje tritich kear yn de wike ynbrutsen. Gemeenten roppe ynwenners op om searjenûmers fan bygelyks djoere apparaten te registrearjen op stopheling.nl. Op dy webside fan de ryksoerheid binne ek de nûmers fan twaddehânsk saken te besjen. Minsken kinne dan efterhelje oft eat dat se keapje wolle, stellen is of net. As dat wol it gefal is, kin dat fia de webside rjochtstreeks by de plysje meld wurde.
It keapjen fan stellen guod, heling dus, is strafber en hâldt neffens de gemeenten stellerij yn stân. Op de webside wiedebaasis.nl stiet mear ynformaasje oer it registrearjen en kontrolearjen fan searjenûmers.