Fryske ynstânsjes dogge mei oan kampanje GGZ Nederlân

16 nov 2017 - 11:31

Minsken mei psychyske problemen krije faak net de goede soarch, trochdat de helpferlieners fierstente folle tiid kwyt binne mei de administraasje. Om hjir wat oan te dwaan is tongersdei in lanlike kampanje úteinset ûnder it motto 'Minder regelgekte, meer zorg'. Yn Fryslân dogge hjir ûnder oare de GGZ, Accare, Fier en Ferslavingssoarch Noard-Nederlân oan mei.

Yn in oprop yn de kranten jouwe de organisaasjes oan dat de maat fol is. Se sizze dat helpferlieners yn de GGZ in tredde fan harren tiid kwyt binne oan administraasje. Dat is yn it neideil fan de soarch foar pasjinten. Dy moatte wer op it earste plak komme, sa wolle de ynstânsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)