Skripsjepriis foar oanpak jonge Cambuur-hooligans

16 nov 2017 - 11:25

In stadionferbod foar jonge Cambuurfans soe ferbûn wurde moatte mei in yndividueel leartrajekt. Dêrmei wurdt jongeren it gefoel bybrocht dat sy mei ferantwurdlik binne foar de fuotbalklup. It advys komt fan Rense van Drogen. Hy hat staazje rûn by SC Cambuur en skreau foar Wellzo Jongerenwerk syn ôfstudearskripsje oer wangedrach fan Cambuursupporters. Van Drogen hat hjirfoar de Van Welderen Rengersfonds Scriptieprijs 2017 wûn. De priis wurdt alle jierren útrikt oan in studint dy't in skripsje skreaun hat dy't bydraacht oan de kulturele en maatskiplike ûntwikkeling fan Fryslân.

Oerlêst

Jongeren fan 15 oant 23 jier soargje geregeld foar oerlêst by Cambuur. As se in stadionferbod krije ferdwine se neffens de klup út byld en nei ôfrin fan it ferbod is it gedrach der meastentiids net better op wurden. Neffens Rense van Drogen kin der mear berikt wurde as der in gearwurkingsferbân fan maatskiplike ynstellingen opset wurdt. Dan is der in gruttere kâns dat jongeren de goeie help krije.

Trefwurden: 
stadionferbod Cambuurfans
(Advertinsje)
(Advertinsje)