Wikseljende start shorttrackers by WB Seoul

16 nov 2017 - 11:14
Sjinkie Knegt yn aksje - Foto: www.awfoto.nl

Sjinkie Knegt hat him tongersdei by de wrâldbekerwedstriden yn it Súd-Koreaanske Seoul pleatst foar de heale finale op de 1.500 meter. Ek Itzhak de Laat fan Ljouwert pleatste him foar de heale finale. Sawol Knegt as De Laat wûnen de foarronde en waarden twadde yn de searje en binne dêrtroch nei de heale finale, dy't sneon riden wurdt. Dennis Visser fan De Lemmer waard troch in straf útskeakele yn de searjes

De Fryske manlju kamen op de 500 meter net fierder as de searjes. Sjinkie Knegt waard fjirde yn syn rit, Daan Breeuwsma waard lêste.

Schulting

By de froulju pleatste Suzanne Schulting har foar de heale finales op de 1.500 meter en foar de kwartfinales op de 500 meter. Dy wurde sneon ferriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)