Provinsje Grinslân wol gjin gaswinning yn Noardsee

16 nov 2017 - 10:04

Provinsjale Steaten fan Grinslân wolle de gaswinning yn de Noardsee boppe Skiermûntseach keare. In mearderheid fan de Steaten stimde neffens RTV Noord foar in moasje fan de Partij voor de Dieren en de PvdA, dy't tsjin de plannen foar in proefboarring binne. Earder dizze wike sei minister Wiebes fan Ekonomyske Saken dat de proefboarring net te kearen is, om't de oanfraach oan alle betingsten foldocht. Nettsjinsteande dat de provinsje der offisjeel net oer giet, wolle de fraksjes in sinjaal ôfjaan.

Deputearre Eelco Eikenaar hat tasein dat hy it boadskip oerbringe sil yn Den Haag. VVD en PVV stipen de moasje net. Neffens PVV'er Ton van Kesteren soene de boarringen yn de Noardsee de situaasje yn Grinslân feiliger meitsje, om't der dêr dan minder gas út de boaiem helle wurdt.

(advertinsje)