Fytsefabrikant Accell rekkenet op minder resultaat

16 nov 2017 - 09:31
Accell Group - Foto: Omrop Fryslân

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean, bekend fan merken as Batavus en Sparta, rekkenet dit jier op in minder resultaat. Dat komt trochdat der yn Noard-Amearika folle minder fytsen ferkocht binne. Om de kosten te beheinen, fiert it bedriuw dêr in reorganisaasje troch. Dat soarget derfoar dat it resultaat dit jier leger is as yn 2016. Yn de earste seis moannen wie der noch sprake fan in lytse taname fan it resultaat.

Neffens de nije topman Ton Anbeek rinne de ferkeapen yn Europa noch gewoan goed troch. Accell bliuwt dêrom by syn foarsizzing dat de omset yn de twadde helte fan dit jier heger útfalt as yn de twadde helte fan ferline jier.

Trefwurden: 
Accell
(Advertinsje)
(Advertinsje)