Kollum: "KRIMP"

"Ien fan de dingen dy’t ik leuk fyn oan myn wurk, is datst as sjoernalist mei in soad minsken sprekst, dy’t je soms op kompleet oare wize nei de wrâld sjen litte. Sa wie ik koartlyn op 'en paad om in ferhaal te meitsjen oer ‘krimp’. Dêr wiene trije oanliedingen foar.
Yn in museum yn Apeldoorn is no in nije eksposysje mei lytse keunstwurken. Mar earlik sein, kinst dy wol litte foar wat it is. Yn jannewaris draait der in nije bioskoopfilm mei de titel ‘Downsizing’, wêryn't minsken harren krimpe litte ta in hichte fan in sintimeter as tolve. En dan is der yn museum Boijmans van Beuningen yn Rotterdam de keunstner Arne Hendriks, yn de tentoanstelling ‘Change the system’.
Hy stelt foar dat minsken yn hichte werom moatte nei fyftich sintimeter, sis, de hichte fan in goeie Barnevelder. Dat soe in protte problemen oplosse.
Arne wurket al hast tsien jier oan in ûndersyksprojekt mei de namme ‘The Incredible Shrinking Man’, neamd nei in film út 1957. Opfallend genôch is Arne mei dat projekt ek artist-in-residence by dy bank dy’t sa yn de agraryske wrâld sit. In bank! Hast it symboal fan groei! Wêrom soe sa’n serieuze bank nijsgjirrich wêze nei wat dizze nuvere keunstner te fertellen hat?
No, de gedachte is simpel en briljant. Wy as minsken binne al iuwen lang obsedearre troch groei. Alles moat grutter, breder, heger, djipper en langer. Ek wysels binne groeid, benammen de Friezen, we hearre by de langste minsken op de wrâld. Mar de wrâld sels wurdt der net grutter op. En dat soe fansels al moai wêze, want it is bekend dat de westerske minske nochal wat fan de wrâld brûkt. As elkenien op de wrâld libje soe as wy, dan ha we net genôch oan ien ierde.
Dus... wat as we net mear hast twa meter binne, mar fyftich sintimeter. Dan ha we ynienen noch mar in tredde nedich fan wat we foarhinne nedich hiene. Stel dat ik krimp nei fyftich sintimeter... dan is myn hûs ynienen 150 kante meter, midden yn Amsterdam. Dan ha ik oan dy heale 'grof volkoren' yn myn keukenkastke genôch foar in wike. Dan ryd ik in bakbist fan in auto; en is myn fermogen op de bank ynienen gigantysk!
Ast lytser bist, hast minder nedich, en is yn feite dyn jild mear wurdich. Dy gedachte sit ek yn dy Amerikaanske film ‘Downsizing’.
Der komme al oare problemen by fansels, want ik kin net mear by de boppeste kastkes fan myn keuken, ik kin net mear by de pedalen fan myn auto, ik ha suver in trep nedich om myn bêd yn te kommen (dat dan trouwens ek ûnfoech grut is, wat moat dat hearlik wêze..) en neam noch mar in pear fan dy dingen.
En echt fyftich sintimeter wurde, dat kin ek hielendal net. Mar it giet keunstner Arne Hendriks dan ek net om de praktyske útfiering. It giet om dy gedachte, om ris oars nei de wrâld te sjen. Hy stelt dat we al in soad winst helje kinne as we tweintich of tritich sintimeter lytser wurde soene. Us bern, bygelyks.
As lange man, kin ik meistimme dat it libben dan wol wat oangenamer wêze kin, yn fleantugen, iepenbier ferfier en yn bioskopen en teäters. By konserten is it wat minder, tink ik, mar hawar.
In bytsje lytser. Net mear groei as ultym doel. Arne fertelde ek dat se yn Yndia lytsere kij hawwe. En dat se dêr hielendal net sitte te wachtsjen op dat grutte Hollânske fee, dêr’t wy sa grutsk op binne. Dy freegje te folle fretten en leverje ek mear molke as se dêr brûke kinne.
Wannear’t we in pear desimeter lytser binne, skeelt it al in hiel soad, seit Arne. Yn dy lêste ekstra sintimeters giet in protte tiid en enerzjy sitten. Dus freget hy him ôf, oft wy dat wol nedich hawwe. Wannear’t wy lytser wurde, wurdt de wrâld relatyf grutter. Arne seit dat we oerfloed temjitte krimpe kinne.
Nijsgjirrige gedachte, foar dy agraryske bank by útstek, en einliks foar elkenien."