Opnij minder wurkleazen yn Fryslân

16 nov 2017 - 08:25

It tal wurkleazen yn Fryslân is yn oktober op 'e nij ôfnommen. Troch de oanhâldende ekonomyske groei ferlieze minder minsken harren baan en fine minsken mei in útkearing faker wurk. Ein oktober hiene goed 13.800 Friezen in WW-útkearing. Dat is 2 persint minder as de moanne derfoar. Yn fergelyk mei in jier lyn, is der sels sprake fan in ôfname fan 22 persint.

Ek yn Grinslân en Drinte rint it tal wurkleazen fierder werom. Yn Grinslân giet it om in delgong fan hast 3 persint, yn Drinte om goed 2,5 persint yn fergelyk mei ein septimber.

Trefwurden: 
wurkleazen UWV wurkleazens
(advertinsje)
(advertinsje)