FIDEO: Biltske patat yn de Twadde Keamer foar LF2018

15 nov 2017 - 21:49

De Fryske Twadde Keamerleden binne entûsjast oer Kulturele Haadstêd. Woansdei wiene deputearre Sietske Poepjes en direkteur Tjeerd van Bekkum op missy nei Den Haag. Se rjochten harren pylken mei in pûdsje Biltske patat yn de hân op de Keamerleden. Se praten ûnder oare mei Isabelle Diks en Antje Diertens en dy reagearren entûsjast op de besite. Se hawwe tasein har folslein ynsette te sillen foar it evenemint.

Yn jannewaris krijt de Twadde Keamer opnij besite fan Kulturele Haadstêd, dan yn de foarm fan in foarpriuwke út it programma.


(Advertinsje)
(Advertinsje)