Nije pont moat files starteilân mei Snitswike tsjingean

15 nov 2017 - 21:31

In nije pont moat derfoar soargje dat der gjin files mear ûntstean foar it starteilân mei de Snitswike. En troch in rommere ynset fan de pont soe it bûten de Snitswike om krekt drokker wurde moatte op it eilân. Dat wol alteast de KWS, de organisaasje achter de Snitswike en tal fan oare wettersportaktiviteiten rûnom it starteilân. Woansdei waard bekend dat de gemeente Súdwest-Fryslân jild frijmakket foar de oankeap fan de nije pont en de oanpassingen dy't dêrfoar dien wurde moatte oan de kades. It giet om in pont dêr't 120 minsken tagelyk op ferfierd wurde kinne. Ek auto's kinne in plakje krije op de nije pont. 

In ferbettering fan de oansluting mei it starteilân stiet al jierren op it ferlanglistje fan de KWS. It leafst hienen se sjoen dat der in tunnel oanlein wurde soe, mar dat is te djoer. Dêrfoar soe seis miljoen euro op it kleed komme moatte.

Trefwurden: 
pont Snitser Mar Starteilân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)