Kollum sammelet al 20 jier skuondoazen yn

15 nov 2017 - 21:18

Al foar de tweintichste kear op rige wurde dizze dagen skuondoazen ynsammele yn Kollum. Gjin lege skuondoazen en ek net mei skuon, mar mei toskpoetsersguod, knuffels, skriuwark en boartersguod. Dy spullen binne deryn dien troch bern út de wide omkriten fan Kollum en binne bedoeld foar leeftiidsgenoaten dy't it dreech hawwe. Bygelyks om't se wenje yn in earm lân oft om't se op de flecht binne.

Yn totaal giet it om sa'n fjouwertûzen doazen mei ynhâld dy't by elkoar brocht wurde troch Geert Dijkstra. Hy docht dat al tweintich jier en waard dêrom troch de lanlike organisaasje fan it skuondoazeprojekt yn it sintsje setten.

Trefwurden: 
Kollum skuondoazen
(Advertinsje)
(Advertinsje)