CliniClowns 25 jier aktyf

Komst se leaver net tsjin, mar it is moai dat se der binne, de CliniClowns. Al 25 jier binne se aktyf op de berne-ôfdielings fan sikehûzen. Se besykje sike bern even ferjitte te litten dat se siik binne en yn it sikehûs lizze. Yn Fryslân binne njoggen CliniClowns aktyf, yn it hiele lân binne it der 76. Yn dy 25 jier hawwe se mear as in miljoen kear by in siik bern oan it bêd stien.
Mei yngong fan 2018 sille de CliniClowns ek spylje foar minsken mei demintens, dat dogge se yn gearwurking mei de CareClowns.