Feroardiele foar mishanneling, himpkwekerij en falsk jild

Stockfoto © Kappers Media
In man fan 36 út Drachten is woansdei feroardiele foar meardere delikten. Yn maaie 2015 waard hy oanhâlden yn ferbân mei de mishanneling fan syn freondinne. Dy fertelde de plysje dat de man ek in himpkwekerij yn syn hok hie en dêrfoar de stroommeter sabotearre hie. Letter dat jier waard hy betrape foar it beteljen mei falske briefkes fan 50. Foar de himpkwekerij hie de man in wurkstraf krigen, mar dizze net folmakke. De offisier fan justysje easke no foar de himpkwekerij 12 dagen sel, mar de rjochter makke der toch in wurkstraf fan 40 oeren fan en in moanne sel ûnder betingst.