BSB wurdt Solidd Steel Structures

15 nov 2017 - 17:26
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De nije namme fan it fallite BSB Staalbouw yn Sumar wurdt Solidd Steel Structures. Dat hat it bedriuw woansdei bekendmakke. De direksje seit dat Solidd stiet foar 'solide bouwurken en konstruksjes, mar ek foar betrouberens fan de minsk en it materiaal'. Solidd wurdt skreaun mei in ekstra 'd', dy 't stiet foar Dutch, foar Nederlânsk dus. Tagelyk is ek it nije logo en de hússtyl presintearre.

Moandei waard bekend dat BSB Staalbou in trochstart makket, mei 50 fan de 77 meiwurkers. Doe waard al oankundige dat der in nije namme komme soe. BSB is spesjalisearre yn it meitsjen fan stielen brêgen en slûsdoarren. It bedriuw bliuwt yn Sumar. BSB rekke yn jildproblemen, troch in grutte opdracht yn Driel. Dêr ferstoar in profesjonele dûker, nei in bedriuwsûngelok en it wurk moast stillein wurde. Dat koe it bedriuw net mei eigen jild opfange en de bank woe gjin kredyt ferstrekke.

(advertinsje)
(advertinsje)