Ferd Crone 10 jier boargemaster: "Ik heb het naar mijn zin"

15 nov 2017 - 17:24

Ferd Crone is woansdei op de kop ôf tsien jier boargemaster fan Ljouwert. En dêrmei is er ek de langstsittende boargemaster sûnt de jierren 1990. Syn foargonger, Geert Dales, hâlde it trije jier fol, Margreeth de Boer siet der ek trije jier. Loekie van Maaren wie nei twa-en-in-healjier al fuort en Hayo Apotheker hat it fiif jier folhâlden.

"Ik heb het naar mijn zin", seit Crone. As it oan him leit, is Ljouwert noch lang net fan him ôf. "Dat moet natuurlijk wel van twee kanten komen. Het gaat goed met Leeuwarden. De meeste mensen zijn tevreden. Maar hat kan altijd beter."

De ferkiezing fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa wie in hichtepunt yn de ôfrûne tsien jier, seit Crone. Djiptepunten wienen der ek. Crone neamt de brân op de Kelders, dêr't in studint by om it libben kaam. En ek de moard fan eks-tbs'er Udo D. "Dat soort dingen gebeuren, maar het went nooit. Daar zit diepe emotie, ook bij mij, als ik zoiets meemaak."

Tsien jier lyn siet Ferd Crone ek by Omrop Fryslân yn de útstjoering, foar syn earste ynterview. Doe joech hy oan dat Ljouwert gjin buorgemeenten anneksearje woe. Wilens stiet dochs in grutte weryndieling op it programma mei Ljouwerteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)