Noch ien dei 'race' troch Minnertsgea

Sintrum fan Minnertsgea © Peter Sinnema
Ynwenners fan Minnertsgea krije freed noch ien kear de gelegenheid om mei 50 kilometer yn 'e oere troch de buorren te "racen", mar dan wol op in kartbaan. Doarpsbewenners hiene de ôfrûne jierren it idee dat de dyk troch it doarp as racebaan brûkt waard. Dêr komt no in ein oan, want de dyk is omboud en de maksimumsnelheid wurdt nei ûnderen brocht: fan 50 nei 30 kilometer yn de oere. Yn it midden fan it doarp is in pleintsje oanlein en it hiele trajekt hat nij asfalt krigen. Freedtemiddei wurdt de nije dyk offisjeel yn gebrûk naam.