FIDEO: Bûtentsjinst fleuret Dokkum op foar Sinteklaas

Sinteklaas komt sneon al oan yn Dokkum, dat de hiele wike binne alle 31 meiwurkers fan de Dokkumer bûtentsjinst dwaande mei de tariedings. Sy moatte de stêd hielendal klearmeitsje foar de yntocht.
Earder dizze wike ha alle bewenners oan de rûte al in flagge en tagongsbantsjes krigen en de kommende dagen wurde alle obstakels lykas ferkearsbuorden en bankjes fuorthelle.
Mar Dokkum moat der ek kreas útsjen fansels. Dêrom hingje fjouwer mannen fan de bûtentsjinst mei in heechwurker allegear pakjes en kadootsjes yn beammen en lantearnpeallen, in putsje dêr't se de hiele moarn mei dwaande binne.