Harry van der Molen: "Kampanje tsjin nepnijs"

15 nov 2017 - 16:44

It kabinet moat yn it gewear komme tsjin nepnijs. Dat fine de regearingspartijen CDA en D66. Fan advertinsjes mei in polityk boadskip op Facebook en oare sosjale media moat tenei dúdlik wêze wa't se betellet. It Fryske Twadde Keamerlid Harry van der Molen set dit ûnderwerp op de aginda. Hy fynt dat de oerheid in kampanje begjinne moat om boargers te warskôgjen foar 'fake news'.

Mei in hashtag as #trapernietin soe de oerheid boargers útlizze kinne hoe't se sokke 'desynformaasje' weromkenne kinne. Van der Molen wol saakkundigen en sosjale mediabedriuwen útnûgje yn de Keamer om te besprekken hoe't de striid tsjin nepnijs fierd wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)