Renovaasje hierhûzen Flylân set útein

15 nov 2017 - 16:24

Op Flylân is úteinsetten mei in yngripende renovaasje fan 34 hierhûzen fan WoonFriesland op it eilân. It giet om tolve hûzen oan de Lutinelaan, tsien oan it Gangboord en tolve oan De Drift. De hûzen krije nije keukens, badkeamers en wc's. Fierder komme der sinnepanielen en oare enerzjybesparjende maatregels, lykas nij isolaasjeglês, flierisolaasje en in nije cv-tsjettel. Tagelyk krije alle hûzen in skilderbeurt en wêr nedich wurde steuringen en lekkaazjes ferholpen. Ein april takom jier moat it wurk oan de hûzen klear wêze. Alle bewenners wurde ynformearre oer de planning troch WoonFriesland en de oannimmer.

(advertinsje)
(advertinsje)