Gemeentehûs yn Sint-Anne is ferkocht

15 nov 2017 - 16:19
It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne - Foto: Omrop Fryslân

It gemeentehûs fan de gemeente It Bilt yn Sint-Anne is ferkocht. It gebou is kocht troch húsdokterspraktyk Bögels en fysioterapypraktyk Impuls. It gemeentehûs is nei 1 jannewaris net mear nedich, om't de amtners dan allegear út it gemeentehûs yn Frjentsjer wei wurkje.

De gemeente It Bilt giet op yn de nije gemeente Waadhoeke. It gebietsteam kin foarearst noch yn it gebou sitten bliuwe. De oerdracht fan it gemeentehûs is pland op 1 maart 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)