Oprop foar besikers Sinteklaasyntocht: respektearje inoar

15 nov 2017 - 16:04

"Respektearje de miening fan inoar, nettsjinsteande hoe bot dy oars is as dy fan josels." Dat is de kearn fan de oprop fan boargemaster Waanders fan de gemeente Dongeradiel oan de besikers fan de yntocht fan Sinteklaas no sneon yn Dokkum. Yn in iepen brief docht de gemeente in oprop nei oanlieding fan de oankundige demonstraasje fan de 'Stichting Nederland wordt Beter' oer it uterlik fan Swarte Pyt. 

Demonstraasje net wilens de yntocht

Neffens de boargemaster kin de yntocht allinnich mar slagje at elk de miening fan in oar respektearret. Tsjinstanners fan Swarte Pyt hawwe tastimming krigen om foarôfgeand oan de yntocht op de rûte te demonstrearjen. At de útstjoering fan de NPO úteinset moatte de minsken wer fuort wêze. Se komme dan op in spesjaal oar plak te stean, dêr't se fierder demonstrearje kinne. Neffens Dongeradiel kin de gemeente net foarkomme dat der protesten tsjin Swarte Pyt yn Dokkum komme, om't it in rjocht is yn ús lân om te demonstrearjen, wol hawwe se dus easken steld oan de aksje fan de demonstranten. "Je hoeft het niet met de demonstranten eens te zijn, maar het gaat des te beter als we accepteren dat niet iedereen dezelfde mening heeft. Met deze groep is overigens vooraf prima overleg geweest. Juist omdat er goede afspraken zijn gemaakt, heb ik het vertrouwen dat het goed gaat verlopen." Sa skriuwt de gemeente yn de iepen brief. 

Grut ferskaat oan Piten

De yntocht yn Dokkum sil dit jier in ferskaat oan piten biede. Dit hat neffens boargemaster Waanders te krijen mei de lanlike trend wêryn't de stêd Dokkum as lanlike gaststêd fan Sinteklaas oan meidwaan wol. 

(advertinsje)
(advertinsje)