'It Moaiste fan Fryslân': top 3 is bekend

16 nov 2017 - 06:00

Wat wurdt úteinlik it moaiste plak fan Fryslân? Is it de Noorderhaven yn Harns, it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer of de Wetterpoarte yn Snits? Dizze trije stride noch foar de titel ‘It Moaiste fan Fryslân’. De top trije krige 47 prosint fan de 15.000 stimmen, dat komt del op 6.459 stimmen.

It Moaiste fan Fryslân

De ferkiezing foar 'It Moaiste fan Fryslân' is earder dit jier út begûn. Friezen ha harren moaiste hûs, doarp, wyk, stêd of lânskip nominearre. In faksjuery ûnder lieding fan Jannewietske de Vries hat doe in top 100 selektearre dêr’t Friezen op stimme koenen. Nei 30.000 stimmen kamen dêr tsien finalisten út. Dêr koe wer op stimd wurde en no is dus de top trije bekend.

Winner

De winner fan de ferkiezing 'It Moaiste fan Fryslân' wurdt tongersdei 16 novimber bekend makke yn in ekstra lange útstjoering fan Fryslân Hjoed út de Blokhúspoarte yn Ljouwert wei. Yn de útstjoering fertelle ûnder oare arsjitekten en grûnlizzers fan 'It Moaiste fan Fryslân', Bauke Tuinstra en Jacob Borren, oer harren motivaasje foar it opsetten fan de ferkiezing. Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân fertelt wat de ferkiezing foar 2018 betsjutte kin.

(advertinsje)
(advertinsje)