VLOG: Koese yn Stiens, Biltske les en parkearje yn Hylpen

Fiif Fryske gemeenten hâlde mei yngong fan 2018 op te bestean. It giet om Littenseradiel, It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Ljouwerteradiel. De ynwenners fan dizze gemeenten meie 22 novimber nei de stimbus en ek de ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân stimme om't har gemeente grutter wurdt.
Ferslachjouwers Afke Boven (Ljouwert), Lennie Bronsveld (Waadhoeke) en Bauke Deelstra (Súdwest-Fryslân) dogge fanút de trije nije gemeenten yn vlog-foarm alle dagen ferslach fan de saken dy't yn dy gemeente spylje.