Lêste bêste Fryske stikken yn doarpskranten Littenseradiel

Frysk wurdboek © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
De allerlêste prizen foar Frysktalige stikken yn de doarpskranten fan Littenseradiel gean nei De Rûnkranter fan Jellum, Weidum en Bears en de krante Diggelfjoer fan Wommels. De gemeente Littenseradiel hat woansdei de nominaasjes bekendmakke. De priis foar de bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk bestiet sûnt 2011, mar wurdt dit jier foar it lêst útrikt. Op 1 jannewaris 2018 hâldt de gemeente op te bestean.
Op de premjêrejûn fan de foarstelling Greidehert - op 8 desimber - wurdt bekend wa't de earste, de twadde en de tredde priis krije. Beide kranten hawwe de priis alris earder wûn. Doarpskrante Diggelfjoer wie sels de earste winner fan de priis yn 2011. De Rûnkranter sleepte yn 2014 de earste en de tredde priis yn de wacht. Mei-elkoar is der 500 euro te ferdielen. De winner fan de earste priis krijt in bedrach fan 250 euro, de twadde priis is 150 euro en de tredde priis 100 euro.
De trije nominearre stikken:
· 'Prakkesaasjes' ("Hoelang moatte jo klokliede...") fan De Rûnkranter (Weidum/Jellum/Bears)
· 'Hy hat my wer takomst jûn' fan Diggelfjoer (Wommels)
· 'In tút mei in dakje' (beide stikjes) fan De Rûnkranter (Weidum/Jellum/Bears).