Brânwacht moast noch lang neiblusse yn De Bourgondiër

15 nov 2017 - 15:17

De brânwacht hat woansdeitemiddei noch oant kertier foar trijen dwaande west mei it neiblussen fan de grutte brân yn restaurant De Bourgondiër yn Starum. Dy brân bruts moarns betiid út. It restaurant oan de Havenwei wie krekt ferboud en wie krekt wer iepen foar gasten. Net ien rekke ferwûne, de bewenners waarden warskôge troch harren hûn.

Troch de fûle brân ûntstie in soad reek. De brânwacht warskôge omwenners om ruten en doarren ticht te hâlden. Meardere brânwachtkorpsen rieden út om it fjoer te bestriden. It is ûndúdlik oft De Bourgondiër wer opboud wurde kin. 

Trefwurden: 
brân De Bourgondiër Starum
(advertinsje)
(advertinsje)