Skûlstrûken foar hinne op It Heidenskip tastien

15 nov 2017 - 15:13
hinnen

In biologyske hinneboer op It Heidenskip mei strûken plantsje op syn hiem, nettsjinsteande beswier fan de buorman. De Ried fan Steat fynt dat foar de strûken terjochte in fergunning ferliend is, om't dizze in skûlplak tsjin rôffûgels binne. De buorman fan de hinneboer stapte lêsten nei de rjochter om't er troch de sân sirkels strewelleguod foar syn pleats oer syn kij net mear yn de greide stean sjen kin.

De sirkels lizze op ôfstân fan elkoar sadat der wol trochhinne sjoen wurde kin, fynt de Ried fan Steat. Ek steane de strûken op in leger stik lân en heger as oardel meter meie se net wurde. De gemeente Súdwest-Fryslân hat tasein de hichte fan de strûken yn de gaten te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)