FIDEO: Hûndert jier Ljouwert op film

It Fries Film Archief hat in dvd makke fan hûndert jier Ljouwerter skiednis op film. Ut alle bylden socht byldûndersiker Gerard Nijssen de moaiste en bysûnderste út. Op de dvd stiet hast twa oeren oan materiaal, lykas in kanarjewedstriid fan it Polygoonsjoernaal út 1935, de iepening fan de Hema yn 1953 en de sniewinter fan 1979. De bylden komme út de filmkolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en it Fries Film Archief. It earste eksimplaar fan de dvd wurdt 23 novimber presintearre.
In stikje út de dvd: bylden fan Circus Althoff yn Leeuwarden, 1953, filme troch Han de Vries.