Keet fan famylje De Vries yn Kolderwâlde is plat

15 nov 2017 - 14:23

De gemeente De Fryske Marren hat woansdei de keet fan de famylje De Vries yn Kolderwâlde fuorthelje litten. De famylje De Vries wenne 16 jier yn de keet fanwege problemen mei de ferbou fan har hûs. De gemeente wol de keet net langer tastean en hie dêrom de famylje oant woansdei de kâns jûn him sels fuort te heljen. Dat is net slagge en dêrom hat de gemeente it no dien.

Om problemen foar te kommen mocht de famylje De Vries woansdei net yn de buert fan it hûs komme. Neffens boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren is dat dien om foar te kommen dat minsken dy't de keet fuorthellen lestich fallen waarden. Veenstra wol fierder net op de saak yngean.

De famylje hat yntusken in tydlik ûnderkommen fûn yn Aldemardum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)