Terapeut oer taname minsken mei burn-out: "Maak keuzes!"

15 nov 2017 - 14:17

De hege easken fan de maatskippij, de flugge ûntjouwing fan de technyk, it konstant berikber wêzen: dat binne neffens bedriuwsdokter en burn-outterapeut Karin de Wit fan Artesse yn Snits de belangrykste oarsaken fan de grutte taname fan burn-out yn Nederlân. De Volkskrant skriuwt woansdei op grûn fan sifers fan it Nationaal Salaris Onderzoek dat 15 persint fan de froulju in burn-out hân hat. By manlju is dat 9 persint. Twa jier lyn wie dat yn beide groepen noch rûchwei oardel kear leger. De Wit sprekt fan in optelsom as it giet om de easken fan de nije technyk yn kombinaasje mei de easken fan wurk, bern en húshâlding. "Je kunt niet 10 ballen tegelijkertijd in de lucht houden; de 7 oude van vroeger en de 3 nieuwe van nu erbij."

Maak keuzes

Mar watfoar kant giet it út, as hieltyd mear froulju en manlju troch in burn-out op de bank bedarje? Karen de Wit is net sa somber. Sy wiist der op dat burn-out net bliuwend is; je kinne der ek fan opknappe en binne dan warskôge. Wol komme in soad pasjinten net wer werom op har âlde nivo. "Maar dat moet je ook niet willen, want dan ga je weer de kunstjes uithalen die je eerst deed en raak je opnieuw burn-out. Doe het rustiger aan. Maak keuzes!"

As foarbyld jout De Wit de eask dy't minsken harsels oplizze dat se perfoarst trije kear yn de wike sporte moatte en net mear út in pakje ite meie, mar sels mei farske produkten siede wolle. "Je mag de lat hoog leggen, maar ga er ook af en toe opzitten om te genieten van het uitzicht."

Trefwurden: 
burn-out
(Advertinsje)
(Advertinsje)