Drankrider moat acht moanne sitte

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Acht moannen sel en fjouwer jier net ride. Dat is de straf foar in 55-jierrige drankrider út Grins, dy't yn septimber by Appelskea in ûngelok feroarsake. De man botste op de Oude Willem frontaal tsjin de auto fan in âlder pear. It stel rekke ferwûne en moast troch de brânwacht út harren auto helle wurde. De Grinzer naaide rinnend út en ferstoppe him yn de bosk efter in beam. Dêr fûn de plysje him en hâldte him oan. De rjochtbank naam it de Grinzer benammen kwea ôf dat hy him net oer it ferwûne pear bekommere hie. De man is fiif kear earder feroardiele foar it riden mei drank op.