Utwreiding Skylger Bunker Museum liket stap tichteby

15 nov 2017 - 14:04
Foto: Omrop Fryslân

De útwreiding fan it Bunker Museum op Skylge, mei replika's fan in radarpost, útsjochtoer, lyts sikehûs en in spoarline út de Twadde Wrâldoarloch, is in stap tichterby kaam. It bestjoer fan de stichting Bunkerbehoud Terschelling krige tiisdeitejûn positive reaksjes op in presintaasje yn de gemeenteried.

Neffens foarsitter Jort Spanjer fan de stichting is der foar takom wike in ôfspraak makke mei amtners, de stêdeboukundige en Steatsboskbehear om it bestimmingsplan oan te passen. Dat is nedich om de plannen mooglik te meitsjen. De stichting wol hast 400.000 euro ynvestearje yn plannen om fan de Dútske Tigerstelling de meast komplete stelling fan Europa te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)