Nije pont nei starteilân Snitser Mar komt der

15 nov 2017 - 13:44

Troch in finansjele bydrage fan de gemeente Súdwest-Fryslân kinne de plannen foar in nije farferbining mei it Snitser starteilân trochgean. De besteande twa pontsjes wurde dêrby ferfong troch ien grutte pont. Dy kin per kear 120 minsken meinimme en ek is der romte foar auto's, helptsjinsten en campers. Foar de campers komme der op it eilân tsien steanplakken, dy't brûkt wurde kinne by sylwedstriden.

Om it oanlizzen fan de nije pont mooglik te meitsjen wurdt de beskoeiïng fan it haventsje op it eilân ferfong, it haventsje oan de fêste wâl wurdt fernijd. De gemeente stekt rom trije ton yn it wurk, dat jild komt troch it freegjen fan hier diels werom. Doel is dat de pont juny takom jier brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
pont Snitser Mar Starteilân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)