Fryske muzyk is populêr by útfearten

Fryske muzyk is populêr is by útfearten. Nûmers as 'In part fan dy' fan Marcel Smit en Gerbrich van Dekken en 'As it myn tiid is' fan Gurbe Douwstra, mar ek nûmers fan Die Twa wurde geregeld draaid by begraffenissen en kremaasjes.
"Dizze nûmers komme geregeld foarby", fertelt Sjieuwke de Beer yn De Middei fan Fryslân. Se hat in útfeartburo yn De Westereen. "Mar 'Doarp' fan Anneke Douma draaie we ek wolris. By in Fryske roukaart is de tsjinst ek faak yn it Frysk en wurde der ek Fryske ferskes útkeazen. Ik fernim wol dat der hieltyd mear Fryske muzyk oanfrege wurdt, dat sprekt mear oan. Yn je memmetaal kinne je better je gefoel útdrukke."