Gebiet by Dokkumer 't Panwurk wurdt oanpakt

15 nov 2017 - 13:25
't Panwurk, Dokkum - Foto: Google Maps

De gemeente Dongeradiel wol ’t Panwurk yn Dokkum oanpakke. De oanlieding om dat no te dwaan, is dat de supermerk fan de Jumbo útwreidzje sil. De gemeenteried hat foar it gebiet 100.000 euro beskikber steld. It gebiet moat in bettere ferbining mei de binnenstêd krije.

Der komt noch ûndersyk nei hoefolle parkearplakken yn it gebiet nedich binne. Under besikers fan de binnenstêd binne dêr al enkêtes oer hâlden. Ek moat útsocht wurde hoe't de belangen fan de gemeente en de Jumbo goed kombinearre wurde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)