Kunstvertoon Langwar krijt gjin skeafergoeding

It gebou fan 'e Ried fan Steat yn Den Haag © ANP
De eardere gemeente Snits, no Súdwest-Fryslân, hoecht gjin skeafergoeding te beteljen oan kursusynstelling Kunstvertoon fan Peter van der Werf út Langwar. Syn claim fan 120.000 euro is troch de Ried fan Steat ôfwiisd om't dy ferjierre is. Neffens Van der Werf rûn hy kursisten mis om't de gemeente yn 2004 subsydzje joech oan in konkurrint. Van der Werf kaam dêr earst yn 2010 achter en tsjinne doe in klacht yn. Neffens de Ried fan Steat hie hy earder aksje ûndernimme moatten.