Tradysje snippefange mei de snippeflou stiet faai

15 nov 2017 - 12:22

Yn hiel Nederlân binne der noch mar trije minsken dy't op tradisjonele wize houtsnippen fange mei in spesjaal net; in saneamde snippeflou. Dat is in soarte fan falnet tusken twa hege peallen yn in iepen plak yn it bosk. It pear Albada en Catharinus Monkel brûke noch sa'n ynstallaasje yn it Rysterbosk. De fûgels binne allinnich yn de skimer te fangen as sy wer werom it bosk ynfleane. En dat duorret mar in tweintich minuten.

Oait wiene der wol 200 plakken yn Gaasterlân dêr't mei in snippeflou houtsnippen fongen waarden. Dat barde foar de hannel, mar dat is al lang ferbean. No wurde de fûgels fongen sadat sy ringe wurde kinne foar ûndersyk. Dêrmei wurdt dúdlik wêr't de fûgels hinne lûke. De measte werommeldingen binne fan snippen dy't deasketten wurde yn Ingelân of Frankryk.

Trefwurden: 
snippefange snip
(Advertinsje)
(Advertinsje)