Aksje fan Caparismeiwurkers, se ha noed oer har baan

15 nov 2017 - 12:21

Meiwurkers fan Caparis ha grutte soargen oer de takomst fan de sosjale wurkfoarsjenning en dus oer harren baan. Fjouwer fan de acht gemeenten dy't eigener binne, wolle der útstappe en op in oare manier de meiwurkers oan it wurk hâlde. It fakbûn FNV en de Caparis-wurknimmers mei in beheining hawwe dêr grutte noed oer.

De gemeenten dy't by Caparis wei wolle, ha yn harren eagen noch gjin goed alternatyf plan. It giet om de gemeenten Ljouwert, West- en Eaststellingwerf en Achtkarspelen. Foar de meiwurkers wie dat reden om woansdei yn twa bussen by de acht gemeenten del te gean en in petysje oan te bieden.

Trefwurden: 
Caparis aksje gemeente FNV
(Advertinsje)
(Advertinsje)