Lexicon Frisicum wurdt oerset nei Frysk en Ingelsk

It Latynske wurdboek Lexicon Frisicum fan Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) is it earste wurdboek dat de Fryske taal beskriuwt. It wurdt dêrom wol sjoen as de basis fan it skriuwen fan hjoeddeistige Fryske wurdboeken.
Leksikograaf Anne Dykstra sil artikelen út it leksikon oersette nei it Frysk en it Ingelsk. De provinsje Fryslân stelt in subsydzje fan 10.000 euro beskikber. Hy docht dat wurk mei twa oaren. It wurdboek ferskynde yn 1872 en wie skreaun yn it Latyn en Gryksk. "It is in bysûnder wurdboek, want it jout net inkeld de betsjutting fan de wurden, mar Halbertsma jout ek rike histoaryske beskriuwingen fan bygelyks brulloften en begraffenissen," fertelt Anne Dykstra.
Yn de nije útjefte komt ek in wittenskiplike ynlieding fan Dykstra. Hy promovearre op it Lexicon Frisicum. Binnen twa jier moat de nije publikaasje der lizze.