Eeltsje Hettinga is de earste Dichter fan Fryslân

Skriuwer, dichter en sjoernalist Eeltsje Hettinga (1955) is keazen ta de allerearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Hy wûn de ferkiezing mei it gedicht ‘Under de stêden’. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber 2017.
As Dichter fan Fryslân treedt Hettinga de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân krijt in fêste fergoeding fan 2.500 euro yn it jier en nochris 250 euro foar elk gedicht.
Dichter fan Fryslân is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar poëzij. De sjuery bestie út Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert.
UNDER DE STEDEN
Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
ferswevend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.
Protest
Dichterskollektyf DichterS fan Fryslân wie it net iens mei de proseduere foar de ferkiezing fan ien provinsjale Dichter fan Fryslân. Se fûnen de sjuery net geskikt, wiene it net iens mei dat it in lofdichter wêze moast en fenuveren harren der oer dat de provinsje op syk is nei in amateurdichter.
It kollektyf is fan betinken dat in groep Fryske dichters it Dichterskip fan Fryslân better, spannender en fernijender foarmjaan kin as ien yndividuele dichter. "We wolle fernijend wêze en oer de aktualiteit fan Fryslân dichtsje'', fertelde Syds Wiersma earder. It úteinlike doel fan it kollektyf is dat de provinsjale dichter fan Fryslân net trochgiet, mar dat harren kollektyf dizze rol krijt.