FIDEO: In tút fan Wiegel foar Lutz

15 nov 2017 - 12:00

Yn oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen op 22 novimber krijt PvdA-listlûker Lutz Jacobi stipe út opfallende hoeke wei. De ferneamde VVD-pommerant Hans Wiegel priizget har yn in filmke oan. "Ik kan niet op je stemmen, want ik woon niet in Leeuwarden. Maar als ik er wel zou wonen, weet ik niet of het verstandig voor je zou zijn als ik op je ging stemmen. Want dan denken al die rode lui vast 'als Wiegel op Lutz stemt, kan het vast niks wezen.'"

Wat de útslach ek wêze sil, Wiegel priizget de listlûker fan de PvdA Ljouwert as persoan en har kwaliteiten. "Je bent een goede volksvertegenwoordiger, open voor de mensen, gewoon, je snapt het en je durft. Van mij krijg je een dikke tút."

It idee foar it filmke komt fan de Ljouwerter ûndernimmer Theo Douma. As PvdA-lid makket er him soargen dat der te min omtinken is foar de gemeenteriedsferkiezingen. Dêrom belle er Wiegel dy't wol yn wie om wat te sizzen oer de politika fan in oare partij. Hy hat sels in reade PvdA-sjaal om.

(Advertinsje)
(Advertinsje)