Fundearring N359 moat alwer ferfongen wurde

15 nov 2017 - 10:50
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De nije fundearring ûnder de N359 tusken De Lemmer en Sondel moat alwer ferfongen wurde. De provinsje hat it wurk oan de dyk stillein om't de fundearring net goed genôch is. Dat die út ûndersiken bliken. Tegearre mei de oannimmer is socht nei in oplossing foar it probleem. Dy is fûn yn it ferfangen fan de fundearring. Fanwege it kâlde waar dat der oan sit te kommen, wurde de wurksumheden kommend jier útfierd. Der komme no earst tydlike linen op de provinsjale dyk en de maksimumsnelheid giet nei 70 kilometer.

Trefwurden: 
N359 De Lemmer fundearring
(Advertinsje)
(Advertinsje)