Klachten omwenners wurde heard: lûdswâl N381 wurdt langer

Protestboerd N381
De lûdswâl lâns de N381 by Donkerbroek wurdt dochs ferlinge. Omwenners hiene der om frege fanwege it lûd fan de nije provinsjale dyk tusken Drachten en Easterwâlde. It hat neffens de provinsjes efkes duorre, mar dat hie te krijen mei de oankeap fan grûn.
De provinsje wol klachten fan omwenners fan de Sintrale As nei Dokkum ek oanpakke, mar kin hjir allinnich maatregels nimme dêr't gjin grûn foar oankocht hoecht te wurden. It ferkeapjen fan grûn oan de provinsje kin allinnich op frijwillige basis en dat is oant no ta net slagge. De provinsje en de gemeente Dongeradiel sille de deklaach op de noardlike rûnwei om Dokkum hinne wol oanpakke. Ek dêr binne klachten oer it lûd en dêrom komt der no in stillere dyk.