Eigener ôfbrânde herberch: Hele ziel en zaligheid ligt erin

15 nov 2017 - 10:20

"Het is heel onwerkelijk," seit Patrick Sinke, eigener fan Herberch De Bourgondiër yn Starum. Syn restaurant oan de Havenwei is woansdeitemoarn betiid folslein ôfbaarnd. "Om vier uur werd ik wakker en toen stond alles vol rook. Het stond in lichterlaaie. De hond stond te blaffen en te springen, die hond heeft ons gered, dat is heel simpel."

Mei syn partner gie er nei ûnderen ta, se rekken net ferwûne. Ek syn wurknimmer Koos dy't der sliepte koe op 'e tiid derút. "Het is onwerkelijk, ik zou niet weten hoe ik het anders moet zeggen. Ik ben net klaar met verbouwen. We zijn acht maanden lang bezig geweest met opknappen en nou is het weg." De herberch wie krekt wer iepen en sneon hienen se al in feest hân.

"Ach kijk nou, het brandt alweer binnen," suchtet de eigener. Underwilens komme buorlju del om him sterkte te winskjen. Ien bringt him in bakje kofje. "De muren beneden staan nog, ik hoop dat het herbouwd kan worden, maar dat moeten we afwachten. Ik ben bang dat het weg is. Ik heb hier mijn hele ziel en zaligheid in gelegd. Nog geen twee uur geleden lag ik daar te slapen, als ik me dat realiseer..." De man dy't sichtber oandien is, makket syn sin net ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)