Kollum: "30 miljoen"

15 nov 2017 - 08:43

"30 miljoen. Kinne jim jim wat by sa’n bedrach foarstelle? In lanlik referindum oer de sleepwet kostet 30 miljoen. Dêrom wol Buma it referindum wer ôfskaffe, al fynt hy himsels ek noch al wat yntelliginter as it hiele Nederlânske folk. 30 miljoen. As je in steatslot keapje foar de âldjierstrekking yn desimber ha je in hiele lytse kâns om 30 miljoen te winnen. As je dat slagget, is it ûnfoarstelber.

De gemeente Ljouwert ferlear yn 2017 30 miljoen. We kinne ús dus net iens foarstelle wat soks betsjut. Simpelwei seinen se eartiids yn de Wâlden dat soks in knoarre jild wie. It frjemde is dat je wolris tinke “alles kin dêr yn Ljouwert ek mar”. Oan de oare kant is der ek it gefoel dat it elk jier noch wer better mei Ljouwert giet. It sintrum begjint der echt moai út te sjen. En ik hear fierder ek allegear lju dy’t hjir lekker wenje. Der komme noch hieltyd mear lju út de krimpdoarpen weiklauwen. Je fiele ek dat der in wikselwurking is tusken wat de stêd fertsjinnet en útjout. Mar as je dan sjogge hoe lang't se skytskoarje tsjin in nij fuotbalstadion foar Cambuur. En dêr betellet de gemeente mar 4,5 miljoen foar. Wethâlder Andries Ekhart stiet lanlik op nûmer ien as it giet om syn sosjale sakebelied, tagelyk flústerje dan wer oare sifers dat it jild dêrfoar de koer útklotst. Der is wol hiel kloaterich omgien mei de ynspraak oer it Europaplein en dat hat ta gefolgen hân dat it folle mear jild koste hat as it plan wie en as neffens de minsken nedich west hie. En hat Ljouwert al net fierstente folle jild útjûn om it jaske fan kulturele haadstêd-eigener te passen en te plak te naaien. Sit dêr dy 30 miljoen al yn. En wa betellet dy ferbouwing fan de Blokhúspoarte. En….

Wat in suterich ferhaaltsje! Ik wit hielendal net hoe’t it sit. Oannamen. De wize fan de hjoeddeiske sjoernalistyk, harkje inkeld nei de minpuntsjes. It is benammen de sjoernalistyk fan Liwwadders, krante en site. Dat skriuwt de meast ferneatigjende ferhalen oer Ljouwert, want a) dat ferkeapet better as echt nijs en b) sa sit haadredakteur Andries Veldman no ien kear ynelkoar. As je dat witte, is it net slim, mar in hiel soad minsken komme net fierder as “dat ha we dochs lêzen.” Liwwadders seamet tagelyk ek de riedsleden ôf, want dy passe net goed genôch op; ek de opposysje net. Mar se sizze oan de ein fan it ferhaal “jim kinne de 22ste in bettere ried en kolleezje kieze.” Dêrmei sprekke se harsels wer tsjin, want dy doogden in alinea earder allegear net.

Mar goed, dy stimmerij op de 22ste dêr soene de ynwenners fan Ljouwert en omkriten, oant Stiens en Jorwert ta, lju kieze kinne dy’t net mear 30 miljoen weibargje yn in jier. Hoewol? Net ien doart te sizzen dat se der takom jier wer 30 miljoen bylizze. De kandidaten jeuzelje inkeld “dat de wrâld o sa moai is, en dat Ljouwert dêr in perfekt plak yn hat. Haadstêd fan Europa en Fryslân, wat wolle je noch mear. En, kiezer, lit ús der dan fierder mar mei rêde. Dan komt it wol goed. Harkje mar, de fjoerige ballen fan Lutz Jacobi klingelje as krystferskes.”

Wat ik sizze woe dat de kampanje nearne oer giet. Se hingje wat om, en meitsje selfys. Mar ien tsjinlûd heard. Fan Jan van Olffen. Tritich jier foar de PvdA yn de ried, no Verenigd Links, omdat se him te âld fûnen. Hy sei dat as Lutz Jacobi, listlûker fan de PvdA, fynt dat de amtners yn Ljouwert te folle macht ha, want dy ha fansels dy 30 miljoen weibarge, dat se dêrmei har eigen PvdA-wethâlders in traap ûnder de kont jout. Se moat sels mar wethâlder wurde as se it feroarje wol, sei Jan, mar dat hat se noch net sein. Doe’t ik it lies ha ’k efkes skriemd. Dy âlde yngreven PvdA-man Van Olffen hat fansels freeslik langstme nei dy gesellige politike PvdA-jûnen yn de Ljouwerter Bres. Dêr kin hy net mear hinne en dan wurde je wol wat krigel. En sa giet al lang net mear oer Ljouwert, mar oer minsken.

Mar ach, dy 30 miljoen binne dochs al fuort."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)