Proefboarring boppe Skiermûntseach kin trochgean

15 nov 2017 - 05:58

In proefboarring nei gas yn de Noardsee, 20 kilometer boppe Skiermûntseach, kin neffens minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken trochgean. Der is neffens him oan alle betingsten foldien. Mar neffens Wiebes kin it noch hiel lang duorje foar't der echt gas út de boaiem helle wurde kin. De minister sei dat tiisdeitejûn yn de Twadde Keamer. It fjild fan fiif miljard kúb gas is neffens Wiebes net te fergelykjen mei de fjilden yn Grinslân. It sil neffens Wiebes de mienskip net bedriigje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)