UPDATE: Brân yn De Bourgondiër yn Starum

15 nov 2017 - 05:52

By in grutte brân yn Starum is Herberch De Bourgondiër woansdeitemoarn betiid folslein ferlern gien. It restaurant oan de Havenwei wie krekt ferboud en soe freed iepengean. Der rekke net ien ferwûne, de bewenners waarden warskôge troch harren hûn. Troch de fûle brân ûntstie in soad reek. De brânwacht warskôget ynwenners om ramen en doarren ticht te hâlden. Meardere brânwachtkorpsen rieden út om it fjoer te bestriden. Tsjin sân oere fan 'e moarn hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brân Starum De Bourgondiër
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)