"Prostitúsje op camping yn Appelskea"

© Omrop Fryslân
In camping yn Appelskea wurdt brûkt foar yllegale prostitúsje. Dat seit de riedsfraksje fan StellingwerfPLUS yn Eaststellingwerf. De fraksje makket him soargen oer de situaasje op de camping. Yn de kommisjegearkomste waard tiisdeitejûn ek praat oer mooglike minskehannel. Ek soene minsken útrûpele wurde. Neffens de fraksje komme der bûtenlânske auto's op besite by de campers. Dy bliuwe dan in pear oeren stean en wachtsje op besikers fan oare auto's. Caravans dy't leech steane wurde ek brûkt foar dizze besites.
Neffens wethâlder Henk van de Boer is de soarchlike situaasje bekend. De gemeente hâldt it yn de gaten. Troch de eigener fan de camping is op dit stuit gjin pachter oansteld. De eardere pachter is ferdwûn.