Provinsje wol gjin gaswinning by Nijhoarne

14 nov 2017 - 22:23

It ministearje fan Ekonomyske Saken soe net meiwurkje moatte oan nije gaswinning by Nijhoarne. Dat advys jout it kolleezje fan Deputearre Steaten yn in brief nei Den Haag. De provinsje is út prinsipe tsjin ekstra gaswinning. As it ministearje Vermilion dochs har gong gean lit, dan moat in part fan de opbringsten telâne komme yn de regio, sa fynt de provinsje. Ek wol de provinsje dat it ministearje de soargen dy't der binne yn it gebiet serieus nimt. Neffens deputearre Schrier is it dreech de winning te kearen, mar hy fynt wol dat de sinjalen rjochting Den Haag jûn wurde moatte. Net allinnich fanwege de risiko's dy't gaswinning mei him meibringt, mar ek fanwege it feit dat der oergien wurde moat op in oare enerzjyfoarsjenning. 

Trefwurden: 
gaswinning Nijhoarne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)