"LF2018 helpt net by de earmoedeproblemen fan Ljouwert"

14 nov 2017 - 22:09

Yn Ljouwert is in breed draachflak foar Kulturele Haadstêd LF2018, mar de minsken tinke net dat dizze status helpe sil om wat te dwaan oan de problemen mei de earmoede yn Ljouwert. Dat docht bliken út de lêste doarpe- en wykenkête ûnder 1.992 ynwenners, dy't de gemeente Ljouwert tiisdei iepenbier makke. Fan de Ljouwerters is 77% foar de Kulturele Haadstêd, dat is in bytsje minder as twa jier lyn. Doe wie de stipe foar Kulturele Haadstêd noch 80%. Wethâlder Friso Douwstra is goed te sprekken oer it persintaazje. "We moatte noch begjinne en no binne al safolle minsken posityf, dat is in moai draachflak." 

Mar de Ljouwerters hawwe wol harren twifels oer de ekonomyske opbringsten fan it evenemint. Mar 15% fan de minsken tinkt dat de status Kulturele Haadstêd helpt om wat te dwaan oan de earmoede yn de stêd. Minsken mei in middenynkommen binne noch negativer: fan harren tinkt mar 10% dat de Kulturele Haadstêd helpe kin yn de striid tsjin earmoed. MInsken mei in hege oplieding hawwe der mear betrouwen yn dat de Kulturele Haadstêd banen opsmyt as minsken mei in lege oplieding (45% fan de minsken mei in hegere oplieding ferwachtet mear banen, by minsken mei in legere oplieding is dat 33%).

De Ljouwerters sjogge ek oare foardielen oan de status fan Kulturele Haadstêd. 79% fynt it projekt wichtich foar it imago fan Ljouwert en 59% ferwachtet dat Ljouwert-Fryslân 2018 soargje sil foar 'mear ferbining mei Europa'. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)