Provinsje betellet mei oan Sinteklaze-yntocht yn Dokkum

14 nov 2017 - 21:48

De provinsje betellet 50.000 euro mei foar de yntocht fan Sinteklaas sneon yn Dokkum. Dat is om de gemeente Dongeradiel yn de kosten temjitte te kommen. De yntocht is te sjen op de lanlike telefyzje. Neffens de provinsje krijt it dêrmei safolle oandacht dat it bedrach wol te ferdigenjen is.

It is op dit stuit noch ûndúdlik oft alles goed komt mei Sinteklaas en oft hy wol op tiid yn Dokkum oankomt. Der is grutte stoarm op see en it is dreech om kontakt te lizzen mei de stoomboat. Dat is allegear te folgjen yn it Sinterklaasjournaal op telefyzje. Deputearre Johannes Kramer sit der lykwols net oer yn. Hy tinkt dat it goed komt en dat Sinteklaas op 'e tiid yn Dokkum oankomt. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)